Lêste Grutte Pier-race

20 okt 2001 - 00:00

Sneon is foar de njoggende en lêste kear de Grutte Pier-race hâlden op guon fearten yn Noardwest Fryslân. Doel fan de Grutte Pier-race wie om dit gebiet ûnder de oandacht te bringen fan wettertoeristen mei lytse boaten.

In oar doel wie it ôftwingen fan in ferbettering fan de farwegen yn it gebiet. Omdat it doel berikt is hat it bestjoer besletten om op te hâlden mei de race.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)