Lêste etappe Solarrace

28 jun 2008 - 09:27

De earste dielnimmer oan de Frisian Solar Challenge wurdt sneontemiddei flak nei trijen ferwachte by de finish yn de Prinsetún yn Ljouwert. It giet om de lêste etappe fan de race, dy't om alve oere útein set yn Dokkum.

Nei alle gedachten sil de boat fan de TU-Delft as earste oer de streek komme, de boat wûn ek de fiif oare etappes. De boat soe dan de iepen klasse winne, wa't de oare twa klassen wint is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)