Lêste etappe fyts4daagse Wolvegea úteinset

03 jul 2015 - 11:26

De lêste etappe 41e fyts4daagse fan Wolvegea is freedtemoarn nettsjinsteande de hjitte úteinset. Mear as 700 dielnimmers út binnen- en bûtenlân lûke har neat oan fan de hege temperatuer. Sy stapten op de fyts foar de lêste etappe: in tocht fan 40 of 60 kilometer troch de Weerribben.

De oare rûtes gongen ûnder oaren troch natuergebiet de Rottige Meenthe en Skoaterlân. De start en de finish is yn Wolvegea. De dielnimmers krije in herinneringsmedaille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)