Lêste dei Solar Challenge

05 jul 2014 - 09:39

De dielnimmers oan de Solar Challenge lizze sneon har lêste etappe ôf. Dy giet fan Harns nei Ljouwert. Yn dy lêste stêd fynt om fjouwer oere by de Hermesbrêge in herstart plak, wêrnei't de boaten yn de Prinsetún finishje. Benammen foar de A-klasse is it noch in spannende dei. Dêr leit it team fan de Noardlike Hegeskoalle op foarsprong, mar dat soe noch ynhelle wurde kinne.

Yn de oare twa klassen is de foarsprong fan de winner al sa grut dat dy einliken net mear yn te heljen falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)