Lêste dei sliterij Tulner

01 sep 2007 - 17:23
  • Nei 149 en in heal jier hâldt sliterij Tulner yn Akkrum der mei op.

Nei 149 en in heal jier komt der in ein oan in famyljebedriuw yn Akkrum. Sliterij Tulner hâlt der mei op. Sneon wie de lêste dei dat de sliterij iepen wie.

De saak is in begrip yn Akkrum en omkriten. Eartiids wie it in tabakfabryk. Nei de oarloch waard dy sletten en gie de famylje fierder mei de sliterij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)