Lêste dei omrop Mercurius

30 apr 2014 - 12:38
  • Mercurius RTV
  • Lêste dei omrop Mercurius
  • Deitelevyzje Mercurius

Lokale omrop Mercurius yn Ljouwert stjoert woansdei 30 april foar it lêst út. LEO krijt de stjoermachtiging. De frijwilligers geane nei GPTV om televyzje-útstjoerings foar Ljouwert te meitsjen. Dy binne al ferhuze nei de Blokhúspoarte. Foar de radiominsken is it echt dien. Op de lêste dei stjoere se de hiele dei út. Se binne moarns om 9.00 oere begûn en geane troch oant 22.00 oere. Der is alle romte foar âld-meiwurkers om oan te skowen en de útstjoering is de hiele dei ek op Mercurius-tv te folgjen.

It is noch net dúdlik wannear't LEO begjint mei útstjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)