Lêste dei foar oanfreegjen fan domein mei .FRL-ekstinsje

02 apr 2015 - 12:54
  • nic.frl

Friezen kinne tongersdei oant trije oere ta harren eigen domeinnamme oanfreegje mei in .FRL-ekstinsje. De .FRL-ekstensje is oant no ta al 7.668 kear oanfrege. It grutste part fan de oanfragen, 88%, is ien kear dien. Dat betsjut dat de domeinnamme ek takend wurdt sûnder fierdere diskusje. Yn 12 persint fan de gefallen is in domeinnamme twa kear of noch faker oanfrege.

Dêrfoar folget in feiling om te bepalen wa't de domeinnamme krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)