Lêste byld Woudwijk is klear

14 sep 2001 - 00:00

By it kantoargebou fan it CNV yn Drach- ten is freed in byld fan Anne Woudwijk ûntbleate. It is syn lêste byld om't de Drachtster troch slitaazje oan de skouders it lichaamlik swiere wurk net mear dwaan kin. Syn dochter Roelie, ek byldhouster, hat it byld ôfmakke.

It byld hyt 'it swurd' en stiet foar de striid fan it fakbûn. Fiif jier lyn hie it CNV Woudwijk de opdracht jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)