Lêste bewenners ferlitte Dokkumer Hoedemakerspolder

12 jun 2015 - 14:16
  • De Dokkumer Hoedemakerspolder

It is keal en ferlitten yn de Dokkumer Hoedemarkerspolder. Fan de 38 wenningen yn de wyk, steane der al 37 leech. De wyk is fertutearze. Guon ruten binne stikken en ek de tunen binne ferwylderde, omdat se net mear ûnderhâlden wurde. Allinnich yn it hús fan Siebren Bandstra en syn frou steane noch meubels, mar dizze lêste twa bewenners fan de polder ferhúzje sneon.

De huzen yn de wyk geane tsjin de grûn omdat se âld en ôf binne. Yn de Dokkumer wyk sille yn it earste fearnsjier fan 2016 35 nije wenningen oplevere wurde.

De wenningbouferiening wol alles sa gau as mooglik rûn ha. It is de bedoeling dat trettjin fan de âlde hierders wer werom komme nei de Hoedemakerspolder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)