Lêst fan sjitoefening Definsje

24 jan 2008 - 17:46
  • Skippen Iselmar hawwe lêst fan sjitoefenings Definsje (argyffoto)

Troch sjitoefenings fan de Lânmacht by Breesândyk binne granaten flakby skippen op 'e Iselmar yn it wetter ynslein. De skippen binne dwaande mei de fargeul Den Oever-Urk. Se hawwe lêst fan 'e sjitoefenings.

Neffens Anne Schotanus fan Warkum, ien fan de sânwinners, sloegen de granaten op 150 meter fan it skip it wetter yn. Skippersferiening Schuttevaer wol in sjitferbod yn betonne geulen. De Lânmacht jout noch gjin kommintaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)