Lessen oer winkeldieverij

14 apr 2011 - 14:14
  • Foto: Oetze Deelstra (Omrop Fryslân)

Op it Marnekolleezje yn Boalsert krije earsteklassers les oer winkeldieverij. De lessen komme fan skoalgenoaten út de tredde klasse. Bern witte faak net hoe grut oft de konsekwinsjes fan winkelstellerij binne. Sa witte in soad net dat de boete 150 euro is. Dêr komt noch in bedrach foar it stellen guod boppe-op.

Learlingen út de tredde klasse makken soksoarte saken dúdlik troch ûnder oare toanielstikjes op te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)