Lessen Noardfrysk oan de NHL

06 sep 2006 - 10:56

Der sille dit stúdzjejier lessen Noardfrysk jûn wurde oan de NHL yn Ljouwert. Yn de lessen stiet de Noardfryske taal en kultuer sintraal. It Noardfrysk is in fariant fan ús Frysk, dy't praat wurdt Nordfriesland, ticht by de grins mei Denemarken.

De provinsje stipet it projekt mei subsydzje. Fierder sille learlingen fan it Dockinga College yn Dokkum kontakt ûnderhâlde mei in groep Noardfryske learlingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)