'Lessen leare brede skoalle'

23 maaie 2013 - 07:06
  • It gemeentehûs fan Skarsterlân op 'e Jouwer

De gemeenteried fan Skarsterlân hat hast alle oanbefellings oernaam fan it rekkenkeamerrapport oer de Brede Skoalle op De Jouwer. De ried prate woansdeitejûn oer wat der misgien is bij de oanbesteging fan de skoalle. Dy wurdt boud en beheard troch in bedriuw fan bûten de provinsje, wylst boubedriuwen yn de eigen regio bot om wurk ferlegen sitte.

De ried is it noch net iens oer de skuldfraach, mar yn grutte halen wol oer de lessen dy't der út de proseduere te learen binne.

De ried is net iens wurden oer it minder ynhieren fan saakkundigen. Kolleezjepartijen FNP en CDA wiene dêr noch net fuortendaliks foar. Dat is ek in punt dat it kolleezje net oernimt út it rekkenkeamerrapport. Wol komt der by oanbestegings mear omtinken foar lokale bedriuwen, seit ferantwurdlik wethâlder Benedictus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)