Lessen folgje op ôfstân

27 sep 2007 - 15:41
  • op it skerm is de klas yn Dokkum te folgjen
  • de fjouwer twaddeklassers dy't Frysk folgje fia telelearen

Telelearen moat de nije lesmetoade wurde om lytse skoalfakken, lykas Frysk, oan te bieden. Op it Dockinga- college yn Ferwert folgje sa fjouwer learlingen út de twadde klas Frysk. Der wie gjin jild foar in aparte learaar, mar fia in kompjûterferbining kinne se de lessen folgje dy't yn Dokkum jûn wurde.

Yn Dokkum hinget in webcam en in mikrofoan. De dosint kin sa ek prate mei de learlingen yn Ferwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)