Leslokaal basisskoalle sluten

13 des 2001 - 00:00

In leslokaal fan kristlike basisskoalle Johannes Looijenga yn Surhuzum is sluten op lêst fan de brânwacht. Ut ûndersyk die bliken dat de romte op de boppeferdjipping in flechtrûte yn mar ien rjochting hat. Dat soarget foar in gefaarlike situaasje.

Direkteur Dam kin him wol fine yn de maatregel, ek al kampt de skoalle no mei noch mear romtegebrek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)