Leppelbekken op it Amelân

27 jun 2013 - 15:51
  • Leppelbekken

It oantal briedende leppelbekken op East-Amelân is mei hûndert spantsjes sa goed as werom op normale sterkte. Fan 't maitiid spielde de grutte koloanje leppelbekken mei heech wetter sa goed as fuort. Der wie noch mar ien jong oer. No docht bliken dat it grutste part fan de fûgels opnij begûn is mei brieden yn de twadde, lytsere koloanje. Dy leit ek heger en is feiliger foar it hege wetter.

Behearder Richard Kiewiet fan it Fryske Gea makket him gjin grutte soargen, mar tinkt der tongersdei wol ekstra om fanwege it hege wetter. Der is wol in gruttere kâns dat de jongen út de twadde briedsels it net rêde omdat sy mooglik net sterk genôch binne om dalik nei it suden fuort te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)