Leppelbekken goed troch stoarm

26 maaie 2011 - 17:01
  • In fernield nêst op Skier (foto: Wendy Kennedy, Omrop Fryslân)

De nêsten fan de leppelbekken op Skier hawwe it hege wetter ridlik oerlibbe. Dat blykt út de ynspeksje fan Natuurmonumenten. Der waard fan it slimste útgien, nei de stoarm fan tiisdei. Net alle fûgels binne der goed foar weikommen.

Tiisdeitemiddei strûpte de Oostkwelder ûnder. Troch de hurde wyn ûntstienen metershege golven dy't de nêsten bedrigen. Nei ynspeksje wurdt dúdlik dat hast alle nêsten fan de wytstirns (visdief) wol fuortspield binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)