Leppehiem wol hoarekafergunning

30 jun 2004 - 12:11

Soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum hat in hoarekafergunning oanfrege by de gemeente. It soarchsintrum hat in kafee en in restaurant en moat de goede fergunningen ha. Sûnder dy papieren binne kafee en restaurant yllegaal.

Ek oare ynstellingen sille nei alle gedachten in hoarekafergunning oanfreegje om't de organisaasje fan soarchsintra feroaret. Leppehiem is net fan doel de konkurrinsje oan te gean mei de oare hoareka yn Akkrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)