Leppehiem lulk oer nije regels

31 jul 2007 - 12:15

Fersoargingshûs Leppehiem yn Akkrum kin net út de fuotten mei de nije regels foar fersoargingshûzen. Neffens direkteur Fokkema binne dy regels makke foar grutte soarchorganisaasjes. Sa moatte bygelyks alle bewenners ien kear yn 'e moanne weage wurde.

Yn Akkrum dogge se dat net; se kenne de minsken goed genôch om te sjen oft immen wol of net sûn is. Fokkema tinkt der oer om it lidmaatskip fan de bransjeorganisaasje op te sizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)