Leopack sjocht nije merk

09 feb 2001 - 15:23

It Frjentsjerter ferpakkingsmaterialefabryk Leopack wol him stoarte op it ferpakken fan mobile telefoantsjes yn recyclede ferpakking.

It bedriuw ûntwikkelet in masine foar binnenferpakkings fan mobyltsjes. Dat kostet miljoenen en der binne noch gjin opdrachten. Mar Leopack hat alle betrouwen dat in grutte merk oanboarre is. Leopack is foaral bekend fan aaidoaskes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)