Léon Hese nei Cambuur

27 maaie 2009 - 09:20

Ferdigener Léon Hese fan De Graafschap spilet takom jier by Cambuur. Beide partijen hawwe hjiroer in mûnling akkoart sletten. De 28-jierrige Hese tekenet ynkoarten in kontrakt foar trije jier bij de Ljouwerters. Hese spilet by De Graafschap op de posysje fan sintrale ferdigener.

Nei Robert van Boxel fan MVV is Hese de twadde ferdigener dy't Cambuur foar it nije seizoen yn 'e hûs hellet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)