Leon: baatbelesting terjochte

26 sep 2007 - 13:38
  • Wurk oan De Brol yn 2001

Dat ûndernimmers meibetelje oan it opknappen fan 'e binnenstêd is terjochte. Dat seit Erik Bos fan 'e Ljouwerter Undernimmersferiening Leon.

De gemeente moat fan 'e Hege Ried de baatbelesting werombetelje oan 'e winkeliers. Dy belesting wie bedoeld foar herynrjochting fan it sintrum. Reden is dat net dúdlik is wat mei it jild bard is. Bos fynt ek dat ûndernimmers sjen moatte wêr't it jild hinne giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)