Leo Reawaruw frijsprutsen

10 des 2001 - 00:00

De Molukse aktivist Leo Reawaruw is moandei troch de rjochtbank yn Arnhem frijsprutsen fan belutsenens by in tal oanslaggen foarich jier. Tsjin Reawaruw wie fjouwer jier easke.

Reawaruw wie opmerklik genôch teloarsteld oer de frijspraak. Hy hie graach nei in feroardieling yn heger berop syn gelyk helje wollen. Meifertochte Tahitu krige wol fjouwer jier finzenisstraf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)