Leo Dijkstra Reklame fallyt

28 okt 2009 - 12:08
  • Leo Dijkstra Reklame fallyt

De rjochtbank hat Leo Dijkstra Reklame fallyt ferklearre. It bedriuw yn Noardburgum hat lêst fan de weromrinnende ekonomy. Dêrtroch komme der te min opdrachten binnen om finansjeel út te kinnen. Ek spylje der priveeproblemen by de eigner.

It bedriuw is neamd nei oprjochter Leo Dijkstra. Dy ferkocht it trije jier lyn oan syn soan Keimpe Jaap. Allinne hy komt troch it fallisemint op strjitte te stean, in oare wurknimmer wie earder al fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)