Lena wurdt dochs gjin premier

14 sep 2012 - 09:33
  • Lena de Jong

De 20-jierrige Lena de Jong út Ljouwert wie tongersdeitejûn te sjen yn it VPRO-programma 'Premier Gezocht'. Yn seis ôfleveringen krije de 16 kandidaten in kâns om harren polityk talint sjen te litten. De studinte bestjoerskunde oan de Thorbecke Akademy wie keazen út 700 kandidaten. Lena is foarsitter fan de jonge sosjalisten yn Fryslân.

Yn oktober folget de finale mei fjouwer talinten. Lena fertelt wat se yn it programma sjen litte moast. Lena die har bêst, mar kaam by eintsjebeslút dochs krekt wat te koart om de finale te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)