Lemsters wolle akwadukt

27 maaie 2014 - 20:22
  • Utlis oer de plannen

De measte Lemsters dy't tiisdei nei de ynformaasjegearkomste oer de N359 kamen, wolle it leafst in akwadukt yn de rûnwei. Der wurdt al jierren praat oer in oplossing foar de ferkearsdrokte dêr. Fan alle plannen bin no noch twa farianten oer. Ien mei in brêge en ien mei in akwadukt. Dy lêste fariant hat de foarkar fan gemeente De Fryske Marren.

De provinsje wol leaver in oanpassing fan de hjoeddeistige sitewaasje om't dy oplossing 60 miljoen euro goedkeaper is. De opmerkings fan de Lemsters geane mei de beide plannen nei Provinsjale Steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)