Lemsters slaan elkoars ruten yn

09 maaie 2006 - 10:38

In rúzje tusken twa bewenners fan de Urkerstraat op de Lemmer is sneintejûn út de hân rûn. De plysje krige in melding oer ynsmiten ruten. It die bliken dat twa bewenners fan de strjitte spul hiene. In Lemster hie dêrom mei de slang fan in stofsûger de ruten fan in buorfrou ynslein.

As reaksje sloech de frou de ruten fan de buorman yn mei in hammer. Beide Lemsters binne nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)