Lemsters skeptysk oer plan fernijde dyk N359

09 mrt 2016 - 21:25
  • As it goed is, is de fernijde dyk yn 2018 klear
  • Ynwenners fan De Lemmer wurde bypraat oer plan fan oanpak N359

De Lemsters wiene woansdeitejûn kritysk oer de definitive plannen foar de oanpak fan de dyk de N359 troch it plak. De provinsje presintearre de plannen woansdei op in spesjale ynformaasjejûn.

It komt der moai út te sjen mei begroeiïng op de lûdswâlen, beammen en wetter. Mar in soad ynwenners binne der net fan oertsjûge dat de dyk feiliger wurdt en it ferkear better trochstreamt. Dat komt om't al it ferkear oer de smelle brêge oer it Prinses Margrietkanaal moat. Ynwenners binne benaud dat de ferkearsopstoppingen oanhâlde.

Akwadukt

Wethâlder Johannes van der Pal fan gemeente De Fryske Marren lit witte dat de gemeente altyd foarstanner west hat foar in akwadukt, mar dat de provinsje dat plan ôfwiisd hat. Van der Pal seit earst mei de besteande plannen losgean te wollen. Dat sil heve yn 2017.

Klear yn 2018

In jier letter moat de fernijde dyk klear wêze. Yn 2019 of 2020 sil de situaasje evaluearre wurde om te sjen oft de nije situaasje goed foldocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)