Lemsters pakt foar kokaïnehannel

13 jun 2001 - 00:00

De plysje op It Hearrenfean hat dit wykein 6 ynwenners fan De Lemmer oanholden fanwege de hannel yn kokaïne. De rjochter-kommissaris hat twa fan har tiisdei foar 10 dagen opslute litten. De fjouwer oaren binne nei ferhoar wer frijlitten.

By hússikings is 50 gram kokaïne fûn. Fierder binne mear as 40 hennepplanten yn beslach naam. Justysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)