Lemsters oppakt foar stellerij

02 des 2009 - 10:06

Trije ynwenners fan De Lemmer binne tiisdeitemiddei oanhâlden foar stellerij út in winkel. Meiwurkers fan de winkel op 'e Lemmer werkenden it selsskip fan bylden fan in bewakingskamera. Dy registrearre twa wike lyn hoe't trije minsken klean meipikten út in winkel yn Emmeloard.

Dy bylden wiene ek oan it Lemster winkelpersoaniel fertoand. De plysje koe de trije, twa manlju en in frou, nei ûndersyk oanhâlde. De auto fan de trije is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)