Lemsterlân wol gjin fúzje

13 okt 2008 - 23:25

Lemsterlân is noch lang net ta oan in gemeentlike weryndieling en al hielendal net mei Hearrenfean. Dat die moandeitejûn bliken yn in kommisjegearkomste. En ek hjir falle de wurden fan deputearre Galema hielendal ferkeard. Hy sei dat in gemeentlike fúzje fan Lemsterlân, Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat net mooglik is sûnder Hearrenfean.

De helte fan de ried fynt sels dat de gemeente sterk genôch is om selsstannich te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)