Lemsterlân tsjin hege wynmûnen

10 apr 2009 - 10:04
  • Lemsterlân wol gjin wynmûnen fan 130 meter heech

Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken moat Lemsterlân net oan de kant skowe as it giet om de komst fan it wynmûnepark yn de Noardeastpolder. Dat fynt wethâlder Wesselius. Der soene 80 wynmûnen komme moatte, mei in ashichte fan 130 meter. Lemsterlân fynt dat te heech.

In part fan de wynmûnen soe op it grûngebiet fan de gemeente komme. De minister prate tongersdei mei foar- en tsjinstanners fan it wynmûnepark. Se sei dat it park der wis komme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)