Lemsterlân pakt reklame oan

01 apr 2008 - 13:24

Lemsterlân komt mei strangere regels foar reklame. Yn in spesjale nota is fêstlein wêr't it oan foldwaan moat. De gemeente wol dat der minder reklamebuorden komme.

Sûnder de regels wurdt it in gaos, stiet yn 'e nota. Dêryn binne spesjale easken fêstlein foar bedriuweterrein en it bûtengebiet. Sa stiet omskreaun hoe grut in reklame-utering wêze mei en wêr't dy krekt stean of hingje mei. Grutte billboards meie net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)