Lemsterlân no noch sterk

21 aug 2008 - 11:24

Lemsterlân soe op termyn fusearje moatte mei Skarsterlân. Advysburo Twijnstra_Gudde jout nei in sterkte- swakte analyse oan dat Lemsterlân op dit stuit noch sterk genôch is om selsstannich troch te gean.

As oare gemeenten lykwols wol fusearje, wurdt de posysje fan Lemsterlân swakker en moat de gemeente dêrop ynspylje. Neffens it advys moat dan yn alle gefallen de gearwurking mei Skarsterlân socht wurde. Ek Gaasterlân/Sleat soe oanslute kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)