Lemsterlân akkoart mei lyts azc

04 des 2001 - 00:00

De gemeenteried fan Lemsterlân hat moandei ynstimd mei de komst fan in azc foar 250 persoanen foar 5 jier. B en W krigen sels kompliminten omt se soarge hiene foar in lyts azc foar in navenant koarte perioade.

Takom simmer arrivearje de asylsikers. Se wurde ûnderbrocht yn karavans. Tongersdei is in foarljochtingsjûn foar de buorlju fan it nije azc.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)