Lemster tennisman krijt titel 'Frijwilliger fan it jier'

30 nov 2015 - 11:40
  • It jierkongres fan it KNLTB, dêr't Stoeten útroppen waard ta frijwilliger fan it jier

Arie Stoeten fan tennisferiening Ready again fan De Lemmer is tennisfrijwilliger fan it jier wurden. Hy is al 25 jier aktyf foar de feriening, ûnder oaren as bestjoerder, as frijwilliger op it tennispark, en foar de webside. Dêrom hat it lanlike tennisbûn KNLTB him de priis jûn.

"Dit is wol wat dêr't je hiel grutsk op binne" seit Stoeten, "mar je dogge it net foar de priis, je dogge it foar de feriening." Stoeten hat him bot ynset foar de renovaasje fan it Lemster tennispark yn 2012.

It bestjoer fan de klup wie op dat momint net foltallich, en sa waard hy it oansprekpunt foar de útfiering. Hy wie altyd paraat en de klup Ready Again is dêr tige tankber foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)