Lemster swimmer ferdronken

22 aug 2011 - 09:51

In 70-jierrige Lemster is sneintemiddei ferdronken wylst er oan it swimmen wie. Syn famylje op it strân oan de Plattedijk waard ûngerêst doe't er net werom kaam en warskôge de helptsjinsten. De man waard net folle letter dea weromfûn yn it wetter.

De man is nei alle gedachten ûnder it swimmen net goed wurden. Der is noch besocht him te reanimearjen, mar de man koe net rêden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)