Lemster rydt troch nei botsing

22 apr 2012 - 14:58

In Lemster (39) is sneontejûn oanhâlden yn syn wenplak. Hy wurdt derfan fertocht dat er nei in botsing it plak fan it ûngelok ferlitten hat. De man hie earder op de jûn op de Zeedijk in botsing feroarsake. Nei de botsing wie er stoppe, mar hie der neffens him neat mei te krijen en ried fierder. De dupearre automobilist belle de plysje. Dy koe de man fine oan de hân fan it kenteken. De Lemster sei dat er in botsing hân hie. Hy hie dronken. Syn rydbewiis is ynnaam en hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)