Lemster rydt it wetter yn

03 des 2011 - 16:02

    In ynwenner fan De Lemmer is freed mei de auto yn Grinslân yn it wetter bedarre. De 55-jierrige man goaide nei eigen sizzen op de Bedumerweg yn Onderdendam wat út it rút doe't er de macht oer it stjoer kwytrekke en it neistlizzende wetter yn ried.

    De man koe sels út de auto weikomme en waard troch omstanners op it droege holpen. Hy is foar de wissichheid foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. In bergingsbedriuw hat de auto derút helle.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)