Lemster Riensluis moat opknapt

12 apr 2012 - 10:38

De Riensluis op De Lemmer wurdt foar trije miljoen euro opknapt. De slûs is in wichtige wetterkearing foar Fryslân en net feilich genôch mear. It opknappen fan de slûs wurdt foar in part betelle troch Lemsterlân. De gemeente wol achter de slûs in nij wengebiet meitsje.

De opknapbeurt is ûnderdiel fan in grut projekt fan Wetterskip Fryslân. De kommende jierren wurdt in flink stik dyk ferbettere. De Riensluis is ûnderdiel fan de dyk dy't Fryslân beskermet tsjin it Iselmarwetter. Steatssiktaris Atsma wie tongersdei by de start fan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)