Lemster restaurant bestellen

20 feb 2004 - 00:00

Ut in restaurant op 'e Lemmer is tongersdei in beurs mei hûnderten euro's stellen. Der kamen acht gasten yn it restaurant dy't seine dat der in groep fan tritich minsken ite woe.

De acht klanten hawwe it personeel doe holpen om de tafels klear te setten, wêrnei't se de oaren ophelje soene. Der kaam lykwols nimmen werom. Letter die bliken dat in beurs mei inkele hûnderten euro's stellen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)