Lemster rekket rydbewiis kwyt

26 apr 2013 - 10:41

In Lemster automobilist (65) is tongersdei by Kollumerpomp syn rydbewiis kwytrekke. Op de Kwelderweg ried er 135 kilometer yn de oere wylst 80 tastien is. De man sei dat er nei de haven moast om de boat te heljen. De plysje hat de man en syn frou nei de haven brocht sadat se de boat noch helje koenen. Se moasten foar in begraffenis nei it eilân ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)