Lemster pakt mei 147 xtc-pillen

10 jan 2007 - 14:36

Op 'e Lemmer is in 20-jierrige automobilist oanhâlden op fertinking fan drugshannel. Hy hie 147 MDMA-pillen yn 'e auto. Dat is in xtc. De plysjes fûnen earst in joint yn syn broeksbûse. Dat wie it sein om de hiele auto te trochsykjen.

Under de byridersstoel leine de pillen yn in trochsichtige plastic pûde. De Lemster is oppakt en sit fêst op it plysjeburo foar ûndersyk. Syn auto is ek yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)