Lemster omkaam by ûngelok Bant

12 apr 2013 - 10:50
  • Plysje-embleem

In man fan 23 út De Lemmer is tongersdeitemiddei om it libben kaam by in ûngelok op de Lemsterwei yn Bant. De automobilist rekke fan 'e dyk en fleach tsjin in beam.

Hy waard troch de brânwacht út de auto helle, mar ferstoar flak dêrnei. De plysje wit noch net wêrom de man fan de dyk rekke, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)