Lemster oanholden yn Snits

20 sep 2008 - 13:29

De plysje hat freedtenacht yn Snits in 30-jierrige Lemster oanhâlden op fertinking fan fernielerij. De man hie yn in kafee oan de Kruizebroederstrjitte in glês bier oer in lûdsynstallaasje goaid en wie dêrom de saak útset.

Bûten fernielde er mei in terrasstoel it foarrút fan de saak. Doe't de plysje kaam wie er al útnaaid, mar hy koe letter yn it hús fan in freon yn Snits oanhâlden wurde. Hy is meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)