Lemster mislediget plysje

10 aug 2007 - 10:01

Oan de Marwei yn Dolsterhuzen hat de plysje tongersdeitenacht in Lemster (17) oanhâlden fanwege mislediging. De jonge hearde by in groep dy't by in fjochtpartij belutsen wie. Doe't de plysje kaam woe dy even mei de jonge prate, mar dy begûn de plysje te misledigjen.

De jonge is dêrom oanhâlden en mei nei it buro nommen foar it opmeitsjen fan in proses-ferbaal. Wat de jonge krekt tsjin de plysje sein hat is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)