Lemster Manljuskoar fiert 50-jierrich jubileum

15 jan 2015 - 07:19
  • It Lemster Manljuskoar

It Lemster Manljuskoar fiert dit jier har 50-jierrich jubileum. Yn it ramt fan it jubileum hat it oekumenysk kristlike koar dizze wike in jubileumtydskrift útbrocht yn in oplage fan 15.000 nûmers. Op 24 jannewaris is der boppedat in jubileumoptreden op De Lemmer.

In wichtich doel fan it koar is om de Fryske kultuer út te dragen. It repertoire bestiet dêrom foar in grut part út Fryske nûmers en de 125 leden drage Fryske kostúms. It koar stiet al hast 40 jier ûnder lieding fan dirigint Harm van der Meer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)