Lemster jild yn wynmolepark

05 mrt 2013 - 16:45

Ynwenners fan Lemsterlân meie finansjeel dielnimme oan wynpark Westermeerwind. Dat park komt foar de kust fan De Lemmer yn de Iselmar. Hoe't dy ynvestearring der krekt út komt te sjen is noch net dúdlik. It bedriuw Westermeerwind út Emmeloord dat it park bouwe sil ûndersiket no wat de ynwenners sels wolle.

4000 ynwenners fan Lemsterlân en de Noardeastpolder krije in útnoeging om mei te dwaan oan it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)