Lemster hystoer bliuwt stean

17 jul 2012 - 11:58

Ien fan de monumintale blikfangers fan 'e Lemmer, de hystoer fan it eardere PEB oan de A6, bliuwt stean. NUON woe it gebou slope mar dat wisten de gemeente en de stifting Dorpsbehoud Lemsterland foar te kommen. Se kochten it gebou út de jierren tweintich fan de 20ste ieu foar in euro en knapten it op foar 25.000 euro. De hystoer waard brûkt om transformators op te hisen sadat de koeloalje ferfarske wurde koe. Der mei net yn wenne wurde.

De romte wurdt no ferhierd oan in keunstner dy't der in atelier en kursus- en eksposysjeromten yn makket.

De hystoer wurdt yn septimber iepensteld foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)