Lemster grêven op de foto

04 jun 2009 - 19:41

Lemsterlân set alle grêven op de gemeentlike begraafplakken op de foto. Dy komme by de grêve-administraasje, dy't hielendal digitalisearre wurdt. Oant no ta stie alle ynformaasje oer de grêven noch yn dikke boeken en op kaarten yn kaartebakken.

No't alles automatisearre wurdt, mei in foto derby, binne flaters by it rûmjen fan grêven útsletten. De grêven dy't gjin stien mear ha, komme dochs op de foto. Dêr binne buordsjes mei registraasjenûmers opset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)